Achtkarspelen sil it oplitten fan ballonnen net ferbiede

14 des 2018 - 11:16

It bliuwt foarearst mooglik om yn Achtkarspelen ballonnen op te litten. In moasje om dat te ferbieden, helle it tongersdeitejûn net yn de gemeenteried.

Foto: Pexels.com

FNP, ChristenUnie, PvdA en GrienLinks hiene de moasje yntsjinne om sa wat te dwaan oan de fersmoarging troch plestik. Hoewol't de oare fraksjes harren ek soargen meitsje, sjogge dy mear yn it jaan fan goede foarljochting om minsken mear bewust te meitsjen fan de fersmoarging. Dêrneist sjogge se mear yn biologysk ôfbrekbere alternativen.

Faker in ferbod

It oplitten fan ballonnen is yn hieltyd mear gemeenten yn Fryslân ferbean. It Amelân, Skylge, Flylân, Skiermûntseach, It Hearrenfean, Ljouwert, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân ha in offisjeel ferbod.

Gemeenten Smellingerlân en Opsterlân ha it saneamde ûntmoedigjensbelied ynfierd. Ballonnen oplitten mei noch wol, mar de gemeente ûntmoediget it oplitten by it ôfjaan fan de fergunnings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)