Bouwmeesters winne beide in ra

08 nov 2011 - 15:19

Marit en Roelof Bouwmeester ha yn Melbourne Australië beide in wedstriid wûn by de earste wrâldbeker fan it seizoen. Roelof sylde yn syn Laser nei de oerwinning yn de tredde race. Marit die dat yn de fjirde race yn de Laser Radial. De Wartenster silers kamen oant no ta fjouwer kear yn aksje. Marit stiet op it twadde plak yn de tuskenstân, Roelof is tsiende.

(advertinsje)