Danny Noppert foar WK-debút: "Net te leauwen dat ik hjir stean"

14 des 2018 - 10:04

Darter Danny Noppert debutearret freedtejûn op it grutte wrâldkampioenskip darten yn Londen. De Jouster is de earste Fries ea dy't meidocht oan it prestizjeuze toernoai yn Ingelân. Yn de earste ronde nimt Noppert it op tsjin Royden Lam út Hong Kong.

Ik tink wol dat ik de favoryt bin.

Danny Noppert oer syn partij yn de earste ronde fan it WK

De lotting foar it wrâldkampioenskip hat Noppert oan in tsjinstanner keppele, dêr't er net in soad fan wit. "Mar ik haw heard dat er goeie dingen dien hat. Hy hat in kear fan Gary Anderson wûn. Mar dat makket my neat út. Ik sjoch net folle nei oare spilers", fertelt Noppert, dy't sels in hiel goed jier efter de rêch hat. It ôfrûne wykein wûn er noch fan rekôrkampioen Phil Taylor: "Dy ha ik noch fan it boerd ôfknikkere, dus dat fielt goed. Ik tink wol dat ik jûn de favoryt bin."

Danny Noppert - Foto: www.orange-pictures.nl

Dream

Dat Noppert no as earste Fries útkomt op it WK yn Alexandra Palace yn Londen, is foar him in dream dy't útkomt: "Fjouwer jier lyn as ik dêroer neitocht, doarde ik der net iens oer te dreamen. En no stean ik der gewoan. Dat is net te leauwen eins." Mocht Noppert de earste ronde troch komme, wachtet sneontemiddei de Dútser Max Hopp.

It soe foar de Jouster moai wêze as hy ek dy wedstriid wint, want dan mei er it yn de tredde ronde mooglik opnimme tsjin Michael van Gerwen. Mar, safier is it noch net. Noppert hat der yn alle gefallen in soad nocht yn. "Ik sjoch der echt nei út. Ik sit goed yn myn fel en bin der klear foar. Senuweftich bin ik net, ik soe it sûne spanning neame wolle."

Ik hie net tocht dat Danny it sa goed dwaan soe.

Kollega-darter Mats Gies

Twadde ronde

Kollega-darter Mats Gies hat tegearre mei Noppert binnen- en bûtenlân ôfreizge om toernoaien te spyljen. Hy is net fernuvere dat Noppert it WK helle hat. "Fan it begjin ôf wie ik der wol wis fan dat er it helje soe. Mar ik hie net tocht dat er it sa goed dwaan soe as dat er de ôfrûne tiid dien hat", sa seit Gies, dy't ferwachtet dat Noppert sawiesa de earste ronde wol oerlibbet. "Hy hat yn Royden Lam in goeie tsjinstanner. Mar, as we sjogge nei wat foar jier Danny hân hat, dan is der in reële kâns om yn de twadde ronde te kommen."

Foto: Omrop Fryslân, Sjoerd Sijtsma

Stunte?

Alle darters hawwe it WK mei read omsirkele yn harren aginda. Gies: "It is it belangrykste toernoai fan it jier. Minsken hawwe it altyd oer it WK. Dêr sjochst it hiele jier nei út. Danny soe samar fier komme kinne. Hy hat sjen litten dat er fan grutte spilers winne kin." Dêr kin Noppert him wol yn fine: "Dat haw ik wol faker heard. Wêrom ek net? De gemiddelden fan 100 kin ik der wol helje. Litte we hoopje op in stunt!"

It debút fan Danny Noppert op it wrâldkampioenskip is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân. Ferslachjouwer Freark Wijma en kollega-darter Mats Gies binne ôfreizge nei Londen om Noppert te folgjen. De wedstriid fan Noppert tsjin Royden Lam út Hong Kong is freedtejûn te folgjen yn in liveblog op de webside en yn de Omrop-app.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
WK Danny Noppert darten
(advertinsje)