Suksesfol teäterstik Elk Sines foar twadde kear yn reprize

14 des 2018 - 09:16

It suksesfolle muzykteäterstik Elk Sines oer it ferneamde kafee fan Tjerkje op De Klieuw giet yn maaie 2019 foar de twadde kear yn reprize. De foarstelling waard yn 2017 en 2018 al foar útferkochte sealen opfierd. Kommend jier bringt regisseur Ypy Zysling it ferhaal noch ien kear, yn in fernijde bewurking en mei in tal nije spilers.

Foto: Martin de Groot

Aktrise Klaasje Postma is wer te sjen yn de rol fan Tjerkje. Sy wurdt diskear bystean troch har man Freark Smink yn de rol fan Lammert, de broer fan Tjerkje. Fierders spylje ûnder oaren Titia Huisman, Thijs Meester en Rienk Nicolai mei.

"It bliuwt it ferhaal fan Tjerkje, de krêftige frou dy't sûnder help fan oaren it kafee runt en yn it libben konfrontearre wurdt om besluten te nimmen. De sfear sil werkenber bliuwe", seit Zysling, dy't noch mar krekt bekommen is fan de foarstelling De Wylde Boerinne. "Prachtich dat we foar de twadde kear yn reprize gean kinne."

Elk Sines is in miks fan revu, musical, toaniel en dûns. It stik is fan 9 oant en mei 26 maaie 2019 te sjen yn Zathe De Klieuw yn Hidaard. De foarstelling fan freed 10 maaie is al útferkocht, sa falt op de webside fan Elk Sines te lêzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)