Kollum: "Foarâlden"

14 des 2018 - 07:29

"Ofrûne snein wiene wy op besite by ús pake. Hy is 98 jier en wennet yn Maastricht. Mar hy komt út Alde Leie en dêr bin ik ek berne. Hy is mei ús beppe nei Maastricht gien, omdat er dêr wurk krije koe by de plysje en sadwaande wenje myn omkes en muoikes dêr ek noch. Us heit is eartiids wol wer yn Alde Leie bedarre, want dêr wenne ús mem en dêrom kin ik no dit stikje skriuwe.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

We rekken oan 'e praat oer myn, ek Biltske, foarâlden. Myn oerpakes en beppes en de generaasje dêrfoar wiene boere-arbeiders by de rike heareboeren op It Bilt en stropers. Se fertsjinnen rûn de 22 sinten yn 'e oere en net alle boeren wiene like sosjaal. Us pake kin him noch heuge dat de arbeiders staakten, omdat se in pear sinten mear ha woene mar dat woene de boeren net jaan.

De wâldpiken woene wol wurkje foar dy 22 sinten en sadwaande draaide it regelmjittich út op in knokpartij tusken de klaaikluten en wâldpiken. Dat koe ús pake as jonkje fanút de tún sjen en doe't er 14 jier wie, waard er slachtersfeint. Hy moast fan skoalle ôf om ek in gûne yn 'e wike te fertsjinjen, om sa de eintsjes oaninoar krije te kinnen.

Myn oerpake moast sneins ek wurkje. Hy mocht graach keatse, mar dat koe net omdat er noait frij hie. En it wurk dat guon beppes mei grutte húshâldings hiene, is ek net te ferlykjen mei dizze tiid. Us pake sei dat de minsken doe folle minder hiene, mar al earder tefreden wiene as no. Fan de heareboeren yn 'e pronk binne allinnich de pleatsen oerbleaun en de boer is sels arbeider wurden.

Op 'e weromreis nei hûs, tocht ik nei oer it petear. Hjoeddeis ride we yn trije oerkes nei Maastricht. Underweis komst ferskate tankstasjons en restaurants tsjin en oeral binne minsken dy't ite, drinke, belje, appe en fan it iene nei it oare plak jeie. En mei in broadsje carpaccio en in smoothie foar de snút is it yn in auto mei stoelferwaarming winters gâns better wêzen as yn in húske dat oan alle kanten siicht, mei njoggen bern en in lege beurs.

Doe't wy thúskamen ha ik efkes hearlik yn 't bad sitten. Doe betocht ik my dat de measten fan ús tsjinwurdich as heareboeren libje yn hieltyd gruttere huzen, mei dito kuolkasten en telefyzjes mar lytsere húshâldings. En dochs liket it bytiden yndied wol dat 'tefredenheid' in útstjerrend wurd is. It giet sa min yn ús lân, dat we om krysttiid hinne wer doldryst troch de supermerken drave , de iene karre noch foller is as de oare en as de cranberrysaus op is, dan slaan we elkoar it leafst de harses yn.

Doe't ik 14 jier wie, wurke ik op itselde lân by deselde generaasje boeren dêr't myn pakes ek wurke ha. Ik fertsjinne doe seis gûne yn 'e oere en wykeins wie ik frij, sadat ik al keatse koe. Fierder liket myn libben yn neat op dat fan harren, útsein dat ik goed sjitte kin. Dat mei ik graach dwaan op 'e merke en ik sjit meastal alle hazzen om. Dat talint sit noch wol yn 'e genen.

Tolve kear sjitte foar fiif euro en net iens in echte hazze op 'e tafel; myn oerpakes en -beppes soene har grif omdraaie yn it grêf. Dochs bin ik wol gau tefreden, fyn 'k sels. Mar as ik sjoch dat immen de lêste cranberrysaus krijt, dan hat er in hiel grut probleem en is it mar te hoopjen dat ik de buks net yn 'e bûse ha."

(advertinsje)
(advertinsje)