Wêr hawwe Friezen yn 2018 it measte op googele?

14 des 2018 - 06:15

Fryslân hat yn 2018 it measte googele op 'Dave Mantel'. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan de sykgigant. Akteur Dave Mantel, benammen bekend fan syn rol yn de soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden, kaam op 1 desimber ûnferwachte te ferstjerren. Oan de ein fan it jier sjocht Google altyd hokker syktermen yn bepaalde lannen en regio's it measte brûkt binne, en yn Fryslân is Dave Mantel dus it measte opsocht.

Foto: ANP

Yn de list fan Fryslân fan dit jier binne in pear dúdlike tema's werom te finen. Sa spilet Kulturele Haadstêd in wichtige rol yn de meast brûkte syktermen fan 2018. De Reuzen fan Royal de Luxe, dy't yn augustus hûnderttûzenen minsken nei de Fryske haadstêd lutsen, binne op in tredde plak werom te finen. Sy moatte dy oare 'Reus fan augustus' krekt foargean litte: Maarten van der Weijden. Yn syn poging om alle alve Fryske stêden non-stop bydel te swimmen rekke er in soad minsken, en dat is werom te sjen yn de sykresultaten fan Google.

Dy oare grutte hit fan Kulturele Haadstêd 2018, De Stormruiter, hat ek in plakje yn de top 10 bemachtigje kinnen. De teäterfoarstelling is werom te finen op in njoggende plak. Kulturele Haadstêd sels is it lykwols net slagge om de top tsien te berikken.

Celebrities

Njonken Kulturele Haadstêd is der in oare trend werom te finen yn de Googlelist fan Fryslân: wy binne hjir tige belutsen by ferneamde minsken. Njonken akteur Dave Mantel, binne ek de Sweedske DJ Avicii (ûnferwachte ferstoarn yn april fan dit jier), sjongeres Glennis Grace (kaam oant de finale fan de TV-show America's Got Talent) en Dapheny Oosterwolde (de freondinne fan Dave Mantel) werom te finen yn de top tsien.

En as wy hiel earlik binne falle de boeren fan Boer zoekt Vrouw miskien ek wol ûnder de term 'celebrity'. De hearen en dames fan it datingprogramma steane op nûmer fiif yn de top 10 fan Fryslân.

Frysk

Is der dan hielendal neat echt Frysk werom te finen yn de list? Jawol! It skûtsjesilen hat de top tsien helle, en is yn Fryslân it achtste meast sochte wurd op Google. Fierder is de iennige oare sportsykterm yn de top tsien de 'Olympische Winterspelen'. Dizze waarden oan it begjin fan dit jier organisearre yn Súd-Koreä.

De folsleine top 10 fan Fryslân

  1. Dave Mantel
  2. Maarten van der Weijden
  3. Reuzen Leeuwarden
  4. Avicii
  5. Boer zoekt Vrouw
  6. Olympische Winterspelen
  7. Dapheny Oosterwolde
  8. Skûtsjesilen
  9. Stormruiter
  10. Glennis Grace

Fergelyk mei Nederlân

Yn de top 10 fan Nederlân steane in pear syktermen dy't itselde binne as dy yn Fryslân. Sa is der ek lanlik sjoen in soad socht op Avicii, Glennis Grace, Maarten van der Weijden en Boer zoekt Vrouw. Dochs wurdt der yn de oare provinsjes ek in soad socht nei oare saken, dy't wy net weromsjogge yn de Fryske top 10. Sa is der lanlik in soad googele op de game Fortnite, de nije frou fan Prince Harry Meghan Markle, en de 'cryptocurrency' Litebit.

Trefwurden: 
Google
(advertinsje)
(advertinsje)