Ried Harns krijt toskleaze stipe fan provinsje yn saak REC

13 des 2018 - 22:35

Morele stipe krige de gemeente Harns wol mar fierder kinne de Steaten net safolle. De gemeente hie tongersdei in petear mei steateleden oer de problemen mei de ôffaloven, de REC fan Omrin. Yn it provinsjehûs sieten de ried en in grut part fan de Steaten byinoar. De ried hie in tal fragen opsteld en stelde dy oan de steateleden. De measte partijen wiene oanwêzich.

Foto: Omrop Fryslan

Harkje nei in reportaazje oer de jûn

De Harnzer ried hat yn novimber in moasje oannaam wêryn't it kolleezje frege wurdt om in petear mei de provinsje te regeljen. In moanne letter sitte se byinoar om oer de problemen te praten. De Harnzer ried dy't faak bot ferdield is, sil yn dit gefal as ien man optrede, al binne de mieningen oer guon saken ferskillend.

Kommunikaasje Omrin

De gearkomste waard foarsitten troch boargemaster Roel Sluiter fan Harns. Riedsleden stelden fragen oan de steateleden. Elkenien is it der oer iens dat it net goed giet mei de kommunikaasje troch de REC. Wethâlder Harry Boon fertelde de steateleden dat by Omrin "een gebrek aan empatisch vermogen" is. Ek steateleden meitsje harren soargen oer de kommunikaasje. Op de fraach oft der ek op hanthavene wurde kin, is it antwurd dúdlik. Nee, seit de ried en ek deputearre Schrier seit dat it dreech is om dêr op te hanthavenjen. Wol wurdt Omrin der neffens him hieltyd wer op oansprutsen.

Oare fraach fan de ried fan Harns oan de Steaten wie oft dy ree binne om oan te trúnjen op it kontinu monitoaren fan de dioksine-útstjit. De oanwêzige steateleden sizze dat se dat wol wolle, mar dat Omrin dejinge is dy't dat bepaalt.

Harns praat mei steaten

Eventuele sluting

Ek kaam de fraach oft de Steaten ree binne in ûndersyk te stypjen nei de gefolgen fan in eventuele sluting. Dat leit dreech. In ûndersyk dêrnei kin noch wol, mar it is dreech om no al út te sprekken dat der stipe komt foar sa'n sluting as dit mooglik blykt te wêzen.

Nei twa oeren fan gedachten wikseljen kamen in pear steateleden mei it foarstel om yn oparbeidzjen as Steaten en ried fan Harns, in petear mei de ried fan kommissarissen fan Omrin oan te freegjen. Net elkenien koe him dêryn fine. De macht leit by de oandielhâlders (de gemeenten) seit bygelyks Hetty Jansen fan de PvdA. Sy moatte aksje ûndernimme. Mar úteinlik sil Harry Boon freed by de oandielhâldersgearkomste wol de fraach dellizze. Ek sil der in ferslach fan de gearkomste fan tongersdei oan de oare oandielhâlders oerlange wurde.

Einkonklúzje fan de gearkomste wie foar de measten: moai dat we dit mei-inoar dield hawwe en in petear hân hawwe, mar echt konkreet aksje ûndernimme kinne ek de Steaten net.

Trefwurden: 
Harns REC Omrin
(Advertinsje)
(Advertinsje)