Wâldpyk-boargemaster Brouwer kin dalik wer op 'e fyts nei it wurk

13 des 2018 - 21:41

"In earfolle foardracht fan de Ried!" Sa neamt Oebele Brouwer syn oansteande beneaming ta boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. De foardracht fan de âld-offisier fan justysje waard tongersdeitejûn bekendmakke yn in ekstra riedsgearkomste.

Foto: Onbekend

Nije boargemaster fan Achtkarspelen Oebele Brouwer

Brouwer is neffens de gemeente de ideale kandidaat foar it boargemasterskip yn Achtkarspelen. Lydeke Zandbergen, foarsitter fan de betrouwenskommisje, omskriuwt de kandidaat-boargemaster mei de folgjende wurden: "De hear Brouwer is in belutsen persoanlikheid. Hy ken de Fryske Wâlden en hy ken de gemeente Achtkarspelen. Syn bern geane nei it Lauwers College en hy docht syn boadskippen yn Surhústerfean." Hy is in echte Wâldpyk, sa seit Zandbergen.

Gjin politike bining

Oebele Brouwer is in útsûndering dy't hieltyd faker foarkomt yn Nederlân: in boargemaster dy't net oan in politike partij ferbûn is. Brouwer sjocht dat sels as in foardiel. "In boargemaster moat boppe de partijen stean." It gebrek oan in politike karriêre sjocht er sels ek net as in drompel foar syn nije taak. "In boargemaster hat in rol op it mêd fan iepenbiere oarder en feiligens. Dêr haw ik leau ik wol wat ûnderfining mei as offisier."

Tusken de minsken

De kar om te sollisitearjen op de funksje kaam nei't Brouwer de profylskets lies, sa seit er sels: "Doe't ik dy seach, de skets fan de Ried en dy fan de ynwenners fan Achtkarspelen, doe tocht ik ja dit moat wêze. Se beskreaune in Fryske boargemaster mei bining, dy't tusken de minsken stiet." Brouwer en de betrouwenskommisje tinke dat de âld-justysjeman de persoan is dy't it bêste oan dizze easken foldocht.

Eastermar

Brouwer wennet no yn Eastermar yn de gemeente Tytsjerksteradiel, en sil dêr ek wenjen bliuwe. It is neffens de takomstige boargemaster tige tichtby Achtkarspelen, en Brouwer kin dalik wer op de fyts nei it wurk. "Ik sei krekt al, as Harkemase Boys in goal skoare dan kin ik it hast hearre."

(advertinsje)
(advertinsje)