Eask: 240 oeren wurkstraf foar Frjentsjerter om PGB-fraude

Tsjin in 69-jierrige man út Frjentsjer is tongersdei in wurkstraf fan 240 oeren easke, foar de fertsjustering fan hast fjouwer ton oan PGB-jild. De offisier fan justysje easke ek in selstraf fan fjouwer moannen ûnder betingst en fûn dat de Frjentsjerter it jild ek folslein werombetelje moat.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man hie in soarch- en advysburo en betsjinne fjirtich kliïnten. Fan guon far har behearde er it budzjet. Sy makken jild oer nei de man en tochten dat er harren jildsaken regele. It jild waard lykwols net oan soarch bestege. Wêroan wol wit de man net mear. Tsjin de plysje sei er dat hy 'erop los heeft geleefd'.

Earder feroardiele

De man waard yn 2015 noch feroardiele foar PGB-fraude. Doe krige er in taakstraf fan 180 oeren oplein. Nei dizze feroardieling hawwe mear minsken oanjefte dien tsjin de man. Foar dizze saken stie de man tongersdei terjochte.
De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.