Bûnte kjifkrobbe hellet Jouster toer nei ûnderen

Der moast op it lêste momint noch in kettingseage oan te pas komme, mar it is tongersdeitemoarn slagge om de 'kop' fan de Jouster toer te heljen. Mei in grutte hyskraan waard de saneamde lantearne fuorthelle. Dat moast om't dit boppeste stik fan de histoaryske toer bot fertutearze is.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
In pear wiken lyn wie der ek al in stik fan de toer helle, mar it wichtichste en swierste stik waard tongersdei fuorthelle. It houtwurk yn de lantearne is bot oantaaste troch de bûnte kjifkrobbe. Dêrnjonken hat der yn it ferline lekkaazje west dy't foar skea soarge hat.
Mûnebouwers Hugo Landman en Rein van der Wal sille de kommende wiken besykje de skea te herstellen, mar dat koe net op de toer sels. De kop moast oerbrocht wurde nei in spesjaal wurkplak yn Snits.
Om dit te dwaan moast de kop wol earst loshelle wurde fan de toer. Dat wie noch in hiele put. Nei goed twa oeren wie alles boppe yn de toer loshelle. Ien fan de balken wie by in eardere reparaasje sa goed fêstset, dat der in kettingseage byhelle wurde moast. Dêrnei waard alles hiel foarsichtich nei ûnderen helle.
Om healwei tolven hinne wie de kop ûnder. Hoe lang't de reparaasje krekt duorje sil, is net bekend.