Oebele Brouwer foardroegen as nije boargemaster Achtkarspelen

13 des 2018 - 18:10

Oebele Brouwer fan Eastermar wurdt de nije boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. Dat is tongersdeitejûn bekend makke yn in ekstra riedsgearkomste.

Foto: Omrop Fryslân

Lydeke Zandberg oer Oebele Brouwer

Brouwer is âld-offisier fan justysje by it Iepenbier Ministearje fan Noard-Nederlân. Ek hat er wurke as lanlik resjerzje-offisier.

Brouwer waard lanlik bekend by it ûndersyk nei de moard op Marianne Vaatstra. Hy sil nei alle gedachten begjin febrewaris ynstallearre wurde. Hy nimt dan it stokje oer fan Gerben Gerbrandy.

De 66-jierrige Gerbrandy hâldt op as boargemaster. Hy is wol kandidaat-Earste Keamerlid foar de OSF, de Onafhankelijke Senaatsfractie. Gerbrandy hat fan jannewaris 2013 ôf boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen west.

(advertinsje)
(advertinsje)