Ynwenners Grou wolle maatregels tsjin oerlêst fan A32

13 des 2018 - 16:46

Der moat sa gau as mooglik wat dien wurde oan de lûdsoerlêst fan de A32 by Grou. In soad ynwenners jouwe oan dat se lêst hawwe fan it leven fan de dyk. De gemeenteriedsfraksje fan de PvdA yn Ljouwert wol dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn petear giet mei Rykswettersteat om in oplossing te finen.

De PvdA hat fragen steld oan it gemeentebestjoer. Neffens riedslid Dirk Visser is no it momint om it petear oan te gean mei Rykswettersteat. Dy wol yn 2019 de dyk opknappe en mooglik de brêge opheegje. Visser fynt dat der oantrune wurde moat op de oanlis fan lûdsskermen en it brûken fan stil asfalt.

"Waar ik ook ben, je hoort auto's"

Dat fine guon ynwenners ek. Se sizze al jierren lêst te hawwen fan it lûd fan de sneldyk. Bert Hooijer: "Het is ook erger geworden. Er rijdt gewoon meer verkeer. En met de heersende westenwind waait het geluid de kant van Grou op."

Nicolien Hogeboom seit safolle oerlêst te hawwen dat se tinkt oan ferhúzjen: "Waar ik ook ben, je hoort auto's. Ik slaap het liefst met het raam open, maar dat is niet te doen. Ik denk er dus serieus over na om een ander, rustig plekje op te zoeken."

Lûdsskermen A32 - Foto: Google Street View

It probleem spilet al tal fan jierren. Dat de ynwenners no oan de bel lûke, hat te krijen mei de plannen fan Rykswettersteat om de A32 oan te pakken. Der sitte in soad hobbels yn de dyk. Ek leit der in winsk om de brêge by Grou op te heegjen, sadat der gruttere boaten ûndertroch kinne. "Alleen, een hoger liggende weg betekent ook meer overlast", seit Hooijer. "Dan is de noodzaak voor goede schermen nog groter."

It Hearrenfean

Hy sjocht as foarbyld nei It Hearrenfean. Dêr is de A32 oan beide kanten ynsletten troch lûdsskermen: "Ook in Leeuwarden zelf. Rijd je de stad in, dan zie je een geluidswal of ben je verplicht 50 te rijden. Dat doe ik met plezier, want ik gun de mensen daar ook woongenot."

De FNP slút him oan by de PvdA. Lida Veldstra: "As minsken hjir serieus lêst fan hawwe, dan moatte je sjen wat je der oan dwaan kinne."

Trefwurden: 
lûdsoerlêst Grou akwadukt
(advertinsje)
(advertinsje)