Driigjende reorganisaasje foar kristlike mavo De Saad

13 des 2018 - 16:10

Foar de kristlike mavo De Saad yn Damwâld driget in reorganisaasje. Yn fjouwer jier tiid is it learlingetal fan de skoalle mei goed tritich persint ôfnommen. It bestjoer fan de skoalle hâldt der dêrom rekken mei dat der yn de fêste banen snien wurde moat, om't de finansjele tekoarten de kommende jierren oprinne sille.

Foto: De Saad, Damwâld

It personiel fan De Saad is tongersdei op 'e hichte brocht fan de situaasje. De skoalle hat op it stuit noch ûngefear 290 learlingen; foar har feroaret der foarearst neat.

Krimp

Neffens it bestjoer fan De Saad binne de ôffallende finansjele ferwachtingen in direkt gefolch fan de krimp yn 'e regio. Troch in reorganisaasje en fernijing hopet de skoalle de kwaliteit fan it ûnderwiis op peil hâlde te kinnen.

(advertinsje)
(advertinsje)