FIDEO: Doarp Europa by Noord Nederlandse Draadindustrie yn Dokkum

13 des 2018 - 16:01

In teäterfoarstelling sûnder skript. Sa is 'Doarp Europa' fan Tryater begûn. In produksje wêrby't Europeeske spilers, muzikanten en dûnsers de siel fan it plattelân besykje te fangen en harren ynspirearje litte troch alle kultueren en ferhalen yn Fryslân en Europa.

Tryater spilet it stik tweintich kear by bedriuwen dy't woartele binne yn Fryslân, mar konneksjes hawwe oer hiel Europa. Kommende sneon wurdt de foarstelling foar de lêste kear opfierd. De spilers binne dan te gast by de Noord Nederlandse Draadindustrie yn Dokkum. Wat hat dit bedriuw eins mei Europa en hoe sjogge se tsjin de Brexit oan?

(advertinsje)
(advertinsje)