Selstraf foar Grouster dy't brân makke yn it plysjeburo

13 des 2018 - 15:59

In man fan 43 jier út Grou hat fan de rjochter in selstraf krigen omdat er ôfrûne simmer brân makke hat yn it plysjeburo fan Meppel.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De Grouster krige 9 moanne oplein, wêrfan twa moanne ûnder betingst. Hy moat ek in jier ferplichte nei in ferslavingsklinyk.

De man hie yn Meppel in beurs stellen en kaam op it plysjeburo telâne. Yn syn sel slagge hy deryn brân te meitsjen. In plysjeaginte dy't him der úthelle, rekke ferwûne doe't se reek ynazeme. De skea bleau beheind mar it hiele plysjeburo moast ûntromme wurde. De man út Grou is al tweintich ferslave oan drugs. Hy sit yntusken yn in klinyk.

Trefwurden: 
brân Grou plysjeburo
(advertinsje)