Postcode Loterij-priis fan mear as twa ton falt yn Dronryp

13 des 2018 - 15:27

Foar de twadde kear binne ynwenners fan Dronryp yn de prizen fallen by de Nationale Postcode Loterij. Seis bewenners fan de Quaestiusstrjitte hawwe mei-inoar goed 212.000 euro wûn.

Foto: Roy Beusker Fotografie

Gaston Starreveld kaam woansdeitejûn del mei de 'Straatprijs' foar postkoade 9035 EC. Presys in jier lyn foel de priis ek yn Dronryp. Doe mochten fjouwer bewenners fan de Pieter Sipmastrjitte goed 80.000 euro ferdiele.

Trefwurden: 
priis Dronryp lotterij
(advertinsje)
(advertinsje)