Dieder sjitpartij Easterwâlde krijt yn heger berop tolve jier sel en tbs oplein

13 des 2018 - 14:55

De man dy't ein augustus foarich jier yn in wenning yn Easterwâlde syn húsbaas delskeat, is feroardiele ta in selstraf fan tolve jier en tbs mei twangferpleging. It giet om de 59-jierrige T.B. út Easterwâlde. Dat is deselde straf dy't er yn juny fan dit jier oplein krige hie fan de rjochtbank yn Ljouwert. De rjochtbank woe T.B. feroardielje foar moard, mar it Hôf fûn dat net bewiisd wurde koe dat de sjitpartij in foaropset plan wie.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De straf is ek gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje. Twa wiken lyn easke de advokaat-generaal ek tolve jier en tbs. Hy gie lykwols út fan moard, om't hy fûn dat B. genôch tiid hân hie om him te betinken foardat hy it slachtoffer delskeat. It gerjochtshôf tocht dêr oars oer en feroardiele B. foar deaslach op syn húsbaas.

De twa hiene ûnienichheid oer de hier fan de wenning. Om't de húsbaas syn ferplichtings net neikaam wie, hie de bank in eksekúsjeferkeap oankundige. B. fielde him belazere, om't hy 800 euro foarút betelle hie en de wenning ek opknapt hie.

'Manipulatief en kil'

B. waard troch gedrachssaakkundige 'manipulatief en kil' neamd, en hy soe psychopatyske trekken fertoane. Hy wurdt ek feroardiele foar it bedriigjen fan syn broer mei in fjoerwapen en foar ferbean wapenbesit. Hy siet yn in proeftiid: hy hie noch in finzenisstraf fan 139 dagen ûnder betingst stean. Dy straf moat hy no ek útsitte.

(advertinsje)