'Never change a winning team' foar Cambuur tsjin FC Twente

SC Cambuur mist Emmanuel Mbende en Andrejs Ciganiks yn de wedstriid tsjin FC Twente. Mbende is siik en Ciganiks is blessearre oan syn foet. Beide manlju soene al net yn de basis begjinne, want trainer René Hake hâldt fêst oan deselde alve spilers dy't moandei fan Jong PSV wûnen (1-2).
Trainer René Hake
It is in bysûndere wedstriid foar Hake. De trainer fan Cambuur wie yn twa ferskillende perioades wurksum by Twente. "Het is voor mij wel een andere wedstrijd dan tegen bijvoorbeeld Telstar", fertelt Hake, dy't benammen positive oantinkens hat oan de Tukkers.
"In de technische staf zitten een paar mensen waarmee ik al jaren een goede band heb. Met de elftalleider en de materiaalman bijvoorbeeld. Verder is er weinig over van de staf uit mijn periode", ferfolget er.

"We hebben wat goed te maken"

Cambuur wol de oerwinning fan Jong PSV no in ferfolch jaan yn it eigen stadion. It is de lêste thúswedstriid foar de winterstop. "En bovendien hebben we wat goed te maken voor ons publiek na de laatste thuiswedstrijd tegen FC Eindhoven", seit Hake. Twente stiet fjirde yn de earste difyzje, mei fjouwer punten efterstân op koprinner FC Den Bosch.
Xavier Mous
Freed om 20.00 oere set de wedstriid tusken SC Cambuur en FC Twente útein. Dy is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út it Cambuur Stadion wei.