Sjinkie Knegt rekket beknypt en moat it EK ôfsizze

13 des 2018 - 13:24

Sjinkie Knegt hat in swiere blessuere oan syn linkerskonk oprûn by in ûngelok mei in heftruck. De shorttracker rekke thús yn Bantegea beknypt tusken syn heftruck en in kezyn fan in skuorredoar. Ut medysk ûndersyk docht bliken dat hy, neist kniezingen en bloedútstoartingen, flink spierletsel yn it ûnderste diel fan syn skonk hat.

Knegt moat no earst fjouwer wiken in spalk drage. Dêrnei folget refalidaasje dy't seis oant tolve wiken duorje sil. It EK shorttrack yn Dordrecht yn jannewaris sil hy as titelferdigener ôfsizze moatte. Hoe gau't hy dêrnei wer yn aksje komt, is noch net wis.

It ûngelok barde tiisdei oan 'e ein fan de middei, by it pleatsen fan in nije freesmasine. Doe't dat klear wie, stapte Knegt út syn heftruck, dy't net op de hânrem stie. De wein rôle in helling ôf. "Ik stie mei myn rêch nei it doarkezyn en myn skonk rekke koarte tiid beknypt tusken de heftruck en dat kezyn", fertelt Knegt.

"Ik hie sin oan it EK"

Ut in echo en röntgenfoto's docht bliken dat syn botten en gewrichten net stikken binne, mar dat syn spieren wol bot skea oprûn ha. "Dit is in flinke teloarstelling", seit Knegt. "Mei de pine falt it no wol ta. Ik hoech gjin pynstilling te nimmen, it is te dwaan. Mar dat ik foarearst net reedride kin, is in flinke domper", fertelt Knegt.

"Foar it seizoen is it weardeleas. Ik wie krekt wer goed en hie sin oan it EK. Mar as it goed is, is der gjin bliuwende skea en herstel ik goed", ferfolget er.

Sjoch hjirûnder nei it folsleine ynterview:

(advertinsje)
(advertinsje)