Stedhûs Snits wurdt foar mear as in heal miljoen euro ferboud

It stedhûs fan Snits moat foar goed 600.000 euro ferboud wurde. It monumintale gebou oan de Marktstraat foldocht folslein net oan de hjoeddeistige easken op it mêd fan duorsumens.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Benammen de isolaasje is net op oarder. In diel fan it gebou wurdt yn de wintermoannen hiel kâld, trochdat it bot siicht. Foaral op de keamer fan de boargemaster is dat it gefal. De oarsaak dêrfan is dat de monumintale foardoar net goed slút. Doel is om it gebou sa te isolearjen dat it enerzjyneutraal wurdt.
Ferslachjouwer Wytse Vellinga praat mei wethâlder Erik Faber