Essent wol asbestdakken by boeren ferfange troch sinnepanielen

13 des 2018 - 12:05

Enerzjybedriuw Essent wol griene stroom opwekke troch de asbestdakken fan grutte pleatsen te ferfangen troch dakken mei sinnepanielen. It wurk sil op kosten fan it bedriuw útfierd wurde. Yn ruil dêrfoar leverje de boeren tweintich jier lang griene stroom oan Essent.

Foto: Omrop Fryslân

It is net sa dat de boer fergees stroom brûke kin, mar nei tweintich jier is it dak mei de sinnepanielen fan de boer sels. De ferwachting is dat in protte boeren dit in ynteressante regeling fine sille. Der binne al kontakten mei boeren yn Nederlân.

Essent stelt wol easken oan de grutte fan it dak: it moat op syn minst 800 kante meter wêze. By 1000 kante meter kostet it ûngefear 30.000 euro om in dak te ferfangen, seit de enerzjyleveransier. De oerheid subsidiearret it lizzen fan sinnepanielen, dus dêr kin Essent ek gebrûk fan meitsje. Op de sinnepanielen sit in garânsje fan 25 jier.

Wurdfierder fan Essent Ilse Steenbergen oan it wurd

Ferbod

Nei skatting leit der yn Nederlân noch 68 miljoen kante meter asbest op dakken. Sa'n 80 prosint dêrfan leit op pleatsen. Fan ein 2024 ôf is dat ferbean, sa hat de Twadde Keamer yn oktober besletten.

Foar boeren is it faak in grut probleem om it asbest te ferfangen, fanwege de hege kosten. De oerheid wol dêrom in subsydzjefûns yn it libben roppe. De provinsje Fryslân ynventarisearret hoefolle asbestdakken der krekt yn Fryslân binne. Ek de provinsje hie in subsydzjeregeling, mar dat jild is yntusken op.

(advertinsje)