Files nei twa ûngelokken op A32 by It Hearrenfean: auto Rykswettersteat oanriden

13 des 2018 - 11:32

Op de A32 by It Hearrenfean stiene tongersdeitemoarn files troch twa ûngelokken, dy't koart efter inoar barden. By ien fan dy ûngelokken is in auto fan Rykswettersteat oanriden.

Foto: CAMJO media

Om njoggen oere hinne botsten, yn de rjochting Meppel, twa auto's op inoar by de ôfslach nei Hearrenfean-sintrum. Dêrby rekke ien persoan ferwûne.

Rykswettersteat befeilige it plak fan it ûngelok, mar in automobilist botste op de auto fan de ynspekteur. Dêrby rekke gjinien ferwûne, mar Rykswettersteat moast de dyk diels ôfslute. Allinnich de linkerrydstrook wie iepen foar it ferkear.

(advertinsje)