Fakbûnen stjoere wurkjouwers metaalsektor brânbrief oer stiifsettige hâlding cao-petearen

13 des 2018 - 11:00

De fakbûnen FNV, CNV, De Unie en VHP2 litte moandei in brânbrief besoargje by sa'n 800 bedriuwen yn de metaalsektor. Mei dizze stap wolle se in trochbraak forsearje yn de rûzje mei wurkjouwerskoepel FME.

Foto: ANP

De fakbûnen ferwite de wurkjouwers in stiifsettige en ûnferantwurdlike hâlding yn de ûnderhannelingen oer in nije cao. Dy rinne al moannen en de partijen komme der net út. De ôfrûne tiid wiene der meardere stakingen by de bedriuwen.

(advertinsje)