Giele blomkoalen nei oprop rêden fan ferneatiging

De mear as 1.500 giele blomkoalen dy't ferneatige drigen te wurden, binne rêden. Se binne ferkocht oan partikulieren en restaurants yn de provinsje. Dy nimt tongersdei de lêste 500 koalen yn ûntfangst.
© De Streekboer
De Streekboer begûn in aksje om de blomkoalen fan biologyske kweker Krispijn van den Dries te rêden. Se wiene fanwege de giele kleur ôfkard, wylst der fierder neat mis mei wie. De Streekboer die in oprop om de koalen tsjin in legere priis dochs te keapjen en dy aksje hat dus holpen. De Streekboer makke mei de oprop in fûst tsjin it fergriemen fan iten.