Protest tsjin gasboarring Nij Beets by rjochtbank Grins

13 des 2018 - 09:44

Ut it hiele lân wei komme aksjefierders tongersdei nei de rjochtbank yn Grins om harren stim hearre te litten tsjin nije gaswinning. Dêr tsjinnet in rjochtsaak oer proefboarring by Nij Beets. Vermilion Energy Netherlands BV wol dêr gas winne, mar de gemeente Opsterlân jout gjin omjouwingsfergunning ôf. Hjirtroch kin Vermilion gjin mynboulokaasje oanlizze. It bedriuw hopet fia de rjochter de boarring wol ôf te twingjen.

Ferslachjouwer Onno Falkena is by it protest yn Grins

De gaswinning soe plakfine moatte tusken Nij Beets en Aldeboarn. "Onvoorstelbaar dat daar, naast een natuurcompensatiegebied, een put moet worden geslagen. Onvoorstelbaar dat er überhaupt nieuwe putten worden geslagen, in deze tijd van energietransitie", seit Monique Plantinga, omwenner en foarsitter fan de Stichting Tsjingas.

De stichting fjochtet al twa jier tsjin de plande gasboarring by Nij Beets. In enkête wêryn't 95 prosint fan de befolking nee sei tsjin dizze boarring en in list mei 1100 hantekeningen oertsjûgen de gemeente dat der gjin draachflak is ûnder de befolking foar de gaswinning.

Net allinnich de leden fan Tsjingas litte har tongersdei yn Grins hearre, seit Plantinga. Se krije stipe út it hiele lân wei en fan de aksjegroepen Laat Fryslân Niet Zakken, Milieudefensie en de Waddenvereniging.

Marjan Minnesma fan Urgenda

Op de demonstraasje komt Tsjingas, yn gearwurking mei oare pleatslike aksjekomitees, mei in kaart fan Nederlân mei alle nije lokaasjes dêr't plannen binne foar nije gaswinning. Under it motto 'Afbouw is geen opbouw' wolle de doarpen mei-inoar in fûst meitsje tsjin dizze nije gaswinning út lytsere gasfjilden.

It inisjatyf wurdt stipe troch direkteur Marjan Minnesma fan Urgenda en Deputearre Steaten fan Fryslân. Ut namme fan de provinsje Fryslân fierde deputearre Michiel Schrier it wurd op de demonstraasje. De deputearre sei dat er it moai fynt om te sjen hoe't op hieltiid mear plakken yn Nederlân minsken yn ferset komme tsjin nije gaswinlokaasjes.

Deputearre Michiel Schrier en Wiebe de Glee fan Nij Beets

(advertinsje)