Kollum: "Punching Down"

13 des 2018 - 07:46

"NOS = Fake News, stie op in stikker dy't op ferskate 'gele hesjes' te sjen wie, ôfrûne wykein. Wat ik grappich fûn, is dat ik dy stikkers seach yn it sjoernaal, just, fan de NOS. It gie sels sa fier dat yn it item oer de 'gele hesjes' ien fan de heskedragers yn byld kaam en yn in NOS mikrofoan prate, wylst in kollega-heskedrager himsels yn byld sette mei dy stikker. De NOS wie dus fake news, en dat wie te sjen by de NOS dus dat is fake news. Sjoch, sa einiget de wrâld gau yn in 'tollende bol' fan fjoer.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Ik makke in screenshot fan de sêne en tekene in rûntsje fan pylken tusken de NOS-mikrofoan en de fake news-stikker, en sette dat op Twitter. En hoewol't de ynkonsistinsje fan soks wol grappich is, twivele ik letter oft dit wol goeie humor is.

In freondinne fan my hat my ea in komedy-prinsipe útlein: 'always punch up, never punch down'. Koartsein komt it del op nea grapkes meitsje oer minsken dy't in swakkere maatskiplike posysje ha as dysels. En seker net foar it grutte publyk. Grapkes dy't rasistysk binne, oer homo's gean of oer minsken mei in handicap, binne Punching Down, en net okee.

En dus is it ek mar de fraach of grapkes oer 'gele hesjes' op syn plak binne. Hoewol't ik tink dat myn ekonomyske posysje as zzp'er yn 'e kreative sektor net perfoarst better is as dizze groep út de saneamde legere middenklasse, bin ik wol mei in kollum op Omrop Fryslân Radio. In hiel, hiel machtige posysje. Mar sûnder gekheid, ik twivelje dus oft ik dizze foto wol op Twitter sette moatten hie. Sterker noch: kinne we grapkes meitsje oer de 'gele hesjes'.

Mar it ferhaal fan Punching Up, Punching Down hat in pear eigenaardichheden. Sa is it soms ûndúdlik oft in grap no Up of Down is. It sterkste foarbyld is fan begjin dit jier troch René van der Gijp. Gijp sette doe in blonde prûk op syn kop, en ferklearre dat er fan no ôf troch it libben giet as Renate. Dat wie in grappich bedoelde ferwizing nei de Flaamske telefyzjesjoernalist Boudewijn van Spilbeeck, dy't dy wike bekend makke hie fan dan ôf as frou fierder te gean.

Dit liket op Punching Down, om't in tv-kommentator in grapke makket oer in transgender persoan, en transgender persoanen steane no ien kear swakker as Gijp. Mar miskien wurde transgenders troch Gijp-en-dy wol sjoen as ûnderdiel fan it establishment, en omdat it sa 'korrekt' is om pro-transgender te wêzen, sjocht Gijp it miskien sels as in grap oer politike korrektheid. En seker as it dan oer in VTM-sjoernalist giet, dan is it foar hem Punching Up.

En sa is myn Twitterfoto ek ûntstien: trochdat de 'gele hesjes' harren organisearre ha, hoe ûndúdlik dan ek, en dêrmei op tv komme, sterker noch: de Frânske presidint oansette ta maatregels foar de lege ynkommens, binne se in machtige groep wurden. En fielt it harren te kakken sette oer sa'n fake news stikker as Punching Up.

By Gijp yn 'e studio, sa lei heechlearaar kultuersocjology Giselinde Kuipers fan 'e wike yn 'e Volkskrant út, barde noch wat. Johan Derksen, ek oan tafel, en net echt mister subtyl, stuts nei Gijps optreden in ferhaal ôf oer dat hy transgender minsken mar raar fynt. Dat is dochs dreech út te lizzen as Punching Up. Dat is omleech traapje, en seker foar it grutte publyk is dat net okee. Derksen hat der in hantsje fan, want doe't twa jonge fuotbalfans it gebrûk fan 'homo' as skelwurd op de fuotbalfjilden oankaarten by de KNVB, sei Derksen earst dat dit net fatsoenlik is. Om dêrnei de fans hystearyske homootsjes te neamen. Sjoch, dat is Punching Down, en it is in bytsje begrutlik dat sa'n Derksen soks nedich hat.

Mar dêrom moat ik miskien net in grapke twitterje oer in 'geel hesje' dat de NOS fake news neamt. Ek al hat er ûngelyk."

(advertinsje)