Utslaande brân leit skuorre yn Drachten yn 'e jiske

13 des 2018 - 06:30

Troch in útslaande brân is in skuorre efter in wenning oan de Mûnein NZ yn Drachten woansdeitenacht folslein ferwoaste.

Foto: Srfotografie

Om't der hurde knallen te hearren wiene, waard it publyk dat op de brân ôfkaam wie, op ôfstân hâlden. De plysje hat omwenners wekker makke, dy't tydlik harren hûs ferlitte moasten.

By it bestriden fan de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht advisearre om ruten en doarren te sluten. Der wurdt ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân en wat de hurde knallen feroarsake hat.

Trefwurden: 
Drachten brân skuorre
(advertinsje)
(advertinsje)