Soarchoanbieders sjogge soarchplannen gemeente Ljouwert net sitten

13 des 2018 - 01:38

Ljouwerters dy't soarch misrinne en sa tusken wâl en skip falle. Minsken dy't net de help krije dy't se nedich hawwe. Dat is wat der gebeure kin as it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn Ljouwert harren besunigingsplan foar de soarch trochset, sizze tal fan helporganisaasjes. Se tinke dat troch it plan in soad minsken goede soarch kwytreitsje.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Begjin desimber makke it kolleezje de plannen foar dy feroaring fan it saneamde sosjaal domein bekend. It moat derfoar soargje dat yn de takomst in soad jild besparre wurdt. Woansdei waard der yn de Ljouwerter gemeenteried oer praat. Soarchûndernimmers en oare partijen mochten har fyzje jaan op it plan fan it gemeentebestjoer. Fan de njoggentjin ynsprekkers wie mar ien partij posityf.

Soarchalliânsje foar alle soarch

It gemeentebestjoer fan Ljouwert wol dat fan 2020 ôf in soarchalliânsje ferantwurdlik wurdt foar it útfieren fan de soarch. Dêr moat yn gearwurke wurde troch grutte oanbieders. Lytse soarchoanbieders ha it neisjen. Sy kinne har oanbiede as soarte fan ûnderoannimmer, mar op dy foarm is in soad krityk.

Yn in iepen brief oan it gemeentebestjoer nimme de soarchoanbieders ôfstân fan dizze plannen. Se fine dat har kliïnten de dupe wurde. Ek smyt it folle mear administrative rompslomp op en it is mar de fraach oft it goedkeaper wurdt.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by de gearkomste oer de soarch yn Ljouwert

Besparje troch gear te wurkjen

De krityk waard yn de ried nochris oanset. Sjoerd Tolsma, direkteur-bestjoerder fan soarchorganisaasje Amaryllis, ferantwurdlik foar de wyk- en doarpeteams yn Ljouwert, fynt dat net goed lústere is nei de advizen fan de soarchoanbieders fan no. Boppedat seit hy dat der al folle better en effisjinter wurke wurdt en dat se, sa't se no wurkje, oan de besuningingen foldwaan kinne.

Tolsma hat yn oparbeidzjen mei tal fan oare grutte soarchoanbieders in eigen plan makke. De partijen wolle graach om tafel om te sjen wêr't jild te besparjen falt. Se sjogge mear yn gearwurking en yn it trochgean op it ynsleine paad. Dêr is neffens Tolsma de ôfrûne jierren al in soad jild mei besparre.

Unrêst by kliïnten

Lytse soarchoanbieders binne benaud dat se it net roaie kinne yn de nije konstruksje en dat as gefolch dêrfan har kliïnten de dupe wurde. Se kin no al fernimme dat der ûnrêst ûntstiet ûnder har kliïnten fanwege alle diskusje.

De gemeente sjocht yn syn fyzje in grutte rol weilein foar de frijwilligers. Dy sitte lykwols net te wachtsjen op in gruttere rol. Sy wolle net meidwaan yn sa'n alliânsje, sa makken se dúdlik.

Riedsleden ha ek twivels

De riedsleden ha ek in soad fragen en betinkingen. Sa is neffens de measten lang net dúdlik wat de finansjele konsekwinsjes binne. Ien fan de útstellen is dat je mei in lytse soarchyndikaasje in abonnemint ôfslute kinne op húshâldlike help. Foar 17,50 euro yn de moanne ha je rjocht op in oantal oeren. De riedsleden, mar ek de minsken út de soarch binne benaud foar in grutte oansûgjende wurking en de fraach is wa't dan ferantwurdlik is foar dy ekstra kosten.

Van Gelder oan de slach

Ferantwurdlik wethâlder Herwil van Gelder wol foarearst it plan foar de grutte soarchalliânsje noch net oanpasse. Dochs seit er ta oan de slach te gean mei de krityk en de plannen fan de soarchoanbieders.

Takom wike wurdt fierder praat oer de ynrjochting fan de WMO-soarch yn de gemeente Ljouwert.

(advertinsje)