Sietske Poepjes: De kultuersektor moat noch wenne oan 'it nije tinken'

13 des 2018 - 00:26

Yn it takomstige kultuerbelied fan de provinsje wurdt net ien kultuersektor útsletten fan provinsjale subsydzje. Mei dy wurden besocht deputearre Sietske Poepjes woansdei yn it provinsjehûs de rebûlje yn de kulturele sektor oer dat kultuerbelied del te bêdzjen.

Poepjes yn petear mei in krityske ynsprekker - Foto: Omrop Fryslân

Yn in folle kommisjeseal kamen tolve ynsprekkers út de kulturele sektor mei skerpe krityk op de nije beliedsnota 'Kultuer oan 'e Kime'. Yn dy nota leit de fokus op toaniel en popkultuer as kânsrike sektoaren, wylst byldzjende keunst en klassike muzyk hielendal net neamd wurde, ta grutte argewaasje fan keunstners en musea.

"Ik was geschokt toen ik de nota las", sei direkteur Han Steenbruggen fan Museum Belvédère. "Het is een gotspe dat er niets in staat over beeldende kunst. De provincie zou die kunst juist moeten koesteren."

It nije tinken

It CDA frege om omtinken foar amateurkeunst en koaren en korpsen. Deputearre Poepjes wol krekt ôf fan de âlde etiketten yn it kultuerbelied en omskreau har nije nota as 'it nije tinken'. Hafabra kin yn de takomst in oanfraach yntsjinje by de programmaline 'Keunst yn de muzyk', wylst in museum kâns meitsje kin op stipe út it 'erfgoedprogramma'. "Wy slute neat út, we wolle it allinnich oars oanfleane."

Wizigingsfoarstellen

De kulturele sektor moat neffens Poepjes dúdlik noch oan dat nije tinken wenne. Itselde jildt foar de provinsjale polityk. De politike partijen kundigen oan dat se nije wike mei ferskate wizigingsfoarstellen komme sille; de PvdA en de SP wolle bygelyks ek byldzjende keunst yn it belied opnimme as 'fokusgebiet'. De VVD komt mei in foarstel om Museum Belvédère yn Oranjewâld provinsjale subsydzje te jaan. De liberalen wolle boppedat de fokus 'popkultuer' ferbreedzje ta 'muzyk', omdat neffens de VVD ek klassike muzyk en klassike muzykfestivals omtinken en stipe fertsjinje.

Deputearre Sietske Poepjes oer 'it nije tinken'

(advertinsje)
(advertinsje)