Voedselbank Drachten liedt de needklok om finânsjes

Der binne jildproblemen by de Voedselbank fan Drachten. De ferhuzing nei in nije lokaasje hat in gat slein yn de finansjele reserves. Dêrom liedt de organisaasje no de needklok. Se klopje ûnder oare oan by de gemeente Smellingerlân.
Pieter Offringa, Voedselbank Drachten © Omrop Fryslân
Pieter Offringa fan de Voedselbank: "We ha net te min fiedsel, net te min klanten en net te min frijwilligers, mar te min finansjele basis." Dat komt troch in twongen ferhuzing. "Dat hat in behoarlike oanslach west op ús reserves. En om de eksploitaasje rûn te krijen, moatte je jild yn kas ha."
It is noch net sa dat de takomst fan de Voedselbank no al ûnder druk stiet. "Mar we lûke op tiid oan de belle. We moatte aksje ûndernimme." Dat dogge se dus ûnder oare by de gemeente. "We ha by de wethâlder west en in notysje skreaun oan de ried. Dy is frij posityf ûntfongen. Mar we wolle net allinnich dêr ús hân ophâlde. We wolle in klup fan bygelyks 200 bedriuwen byinoar sykje, dy't allegear 100 euro jouwe. Dan ha we in basis fan 20.000 euro it jier. Dy basis ha we no net."

Strukturele oplossing

"As we neat dogge, dan komme we takom jier 23.000 euro tekoart", fertelt Offringa. Sa fier komt it net. "Want wy dogge wol wat. We freegje ek om ekstra stipe by de tsjerken. Dat rint hiel goed, mar it binne gjin strukturele ynkomsten. We wolle ta nei in strukturele basis."
Pieter Offringa