Alde krysttradysjes yn IepenUP ferwurke ta eigen ynterpretaasjes

12 des 2018 - 22:52

Frisia Cantat, hielendal as it om krystlietsjes giet. In grut ferskaat oan profesjonele en amateurartysten toanden woansdei op it poadium fan IepenUP live hoe't je âlde krysttradysjes ferwurkje kinne ta eigen ynterpretaasjes fan it tradisjonele Krystliet. Dêrby sieten wiere peareltsjes fan fakminsken as Inez Timmer, Tseard Nauta en Piter Wilkens. Inez joech in oansteklike imitaasje fan Rudolph the Red-Nosed Reindeer en Piter Wilkens toande oan dat sels Elvis ta in sjongende Krystman omfoarme wurde kin.

IepenUP meisjonge

Nei't optredens fan ûnder oaren Chris Kalsbeek, Geert Veldstra en de Strange Carrots de seal yn de juste stimming brocht hiene, soargen benammen de jonge dichteres Miek Reen en in optreden fan Sander Metz en syn frou, dochter en soan foar de nedige fertedering. Al liet dochterleaf it publyk wol witte dat sy net hielendal frijwillich de muzikale fuotspoaren fan har heit neifolget.

Twa grutte koaren soargen úteinlik foar in wat rommelich mar o sa gemoedlik Krystkonsert, dat takom jier sûnder mis in ferfolch krije sil.

Takom wike de lêste

Nije wike is alwer de lêste IepenUP live fan dit jier mei as spesjale gast Jean Marc van Tol, ien fan de kreative skeppers fan de ferneamde stripfigueren Fokke en Sukke. Sa as bekend hat IepenUP live subsydzje fan de provinsje krigen om ek takom jier mei it suksefolle diskusjeprogramma en iepen poadium troch te gean.

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
LF2018 IepenUP meisjongfeest
(Advertinsje)
(Advertinsje)