Boargemaster Bilker is beneamd ta Eareboarger Kollumerlân

By it ôfskied fan boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân c.a. hat er de Earepinning fan de gemeente krigen. Hy hat boargemaster west sûnt 2001. De ried is Bilker tige tankber foar syn wize fan liedingjaan.
© De Vries Media
De gemeente Kollumerlân c.a. hâldt mei yngong fan 1 jannewaris 2019 op te bestean, fanwege de fúzje mei Dongeradiel en Ferwerderadiel. De nije gemeente krijt de namme Noardeast-Fryslân. Dêrom wurdt no dus ek ôfskied fan Bilker nommen as boargemaster.
© Omrop Fryslân, Douwe Boersma
De Earepinning fan Kollumerlân wurdt sûnt 1960 takend oan minsken dy't har fertsjinstlik makke ha foar de gemeente.
Yn oanrin nei de útrikking waard Bilker tasprutsen troch de fiif fraksjefoarsitters. De nestor fan de ried, Wieger Rekker, hat Bilker dêrnei út namme fan de ried de Earepinning oerlange.