Wurkstraf foar Marrumer (22) dy't bernefytsen op fjoerbult smiet

12 des 2018 - 21:49

In 22-jierrige Marrumer moat tweintich oeren ferplichte oan it wurk, om't er ôfrûne âldjiersnacht bernefytsen en steps op in grutte brânbult yn Snits smiten hat. De rjochter lei him woansdei ek noch in wurkstraf fan tweintich oeren ûnder betingst op, mei in proeftiid fan twa jier.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Marrumer wie ien fan de fandalen dy't by de bult stiene. Neffens tsjûgen hat de man guod út in hokje by in basisskoalle en bernedeiferbliuw helle en op it fjoer by it skoalplein smiten. It bûtenboartersark wie krekt nij oankocht. Ek soe de dieder in flesse oalje op it fjoer smiten ha.

De rjochter hold der by it oplizzen fan de straf rekken mei dat der mear fandalen op it skoalplein wiene.

Trefwurden: 
Snits rjochtbank wurkstraf
(Advertinsje)
(Advertinsje)