VC Snits stiet gjin set ôf yn subtopduel tsjin Zwolle

12 des 2018 - 21:18

De follybalsters fan VC Snits ha thús mei 3-0 wûn fan Regio Zwolle. De setstannen wiene 25-16, 25-23 en 26-24.

Paul Oosterhof

De Friezinnen begûnen sterk en pakten de earste set ienfâldich: 25-16. Dêrnei gie it in stik dreger. Dochs wie ek de twadde set in proai foar de Snitsers. Mei it lytst mooglike ferskil, dat wol: 25-23.

Yn de tredde set seach Snits lang tsjin in behoarlike efterstân oan, mar dat makken se goed, sadat it letter wer 20-20. Nei't Snits sels op 24-22 kaam wie, wurke Zwolle noch twa wedstriidpunten fuort, mar op 25-24 wie it dochs raak: 3-0.

Roos van Wijnen besoarge de Snitsers fyftjin punten, ûnder oare trije kear mei de service en twa kear troch in blok.

Roos van Wijnen

Nei it tredde plak

Troch de oerwinning helje de Snitsers Zwolle ek yn. VC Snits stiet no tredde mei 22 punten út 11 duels. Zwolle bliuwt op 20 punten stean.

Earder dit seizoen boekte Snits de earste oerwinning fan it seizoen yn Zwolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)