Eise Eisinga Planetarium foardroegen foar wrâlderfgoedstatus UNESCO

12 des 2018 - 21:15

Minister Ingrid van Engelshoven hat besletten om it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer by de UNESCO foar te dragen as wrâlderfgoed. It planetarium hat no trije jier de tiid om in folslein eindossier by UNESCO yn te leverjen.

Foto: Omrop Fryslân, Oetze Deelstra

It planetarium moat wol de organisaasje oanpasse om te foldwaan oan de kritearia fan UNESCO, seit foarsitter Theo Koelma. "Mei ús besteande besetting fan 3,4 FTE meitsje wy gjin kâns. Der moat op syn minst in konservator by, sa hat UNESCO ús wite litten. UNESCO fynt ús hjoeddeiske besetting te smel en te kwetsber."

Subsydzje fan oardel ton

It bestjoer fan it planetarium frege dêrom woansdei Provinsjale Steaten om in strukturele subsydzje fan oardel ton yn it jier om de organisaasje klear te meitsjen foar de status fan wrâlderfguod.

Koelma heakke der oan ta dat it tal besikers fan it planetarium de lêste jierren bot groeid is, wylst de subsydzje en it tal meiwurkers gelyk bleaun is. Dit jier hat it planetarium al sa'n 60.000 besikers ûntfongen.

It planetarium rêdt him al jierren mei 100.000 euro subsydzje fan de gemeente Waadhoeke. "Stipe fan de provinsje is eins it puzelstikje dat mist", seit Koelma oer it fersyk oan de provinsje. "Boppedat ha we it oer in potinsjeel wrâlderfgoed. Dat hat in útstrieling dy't fier oer de grinzen fan Fryslân hinne giet."

It tredde wrâlderfgoed fan Fryslân

Koelma giet der fan út dat provinsje yn alle gefallen wol ree is om te praten oer stipe oan it planetarium. "It soe om it tredde wrâlderfgoed fan Fryslân gean, nei it Woudagemaal en it Waadgebiet. Dat is unyk yn sa'n relatyf lyts gebiet."

It definitive beslút oer de status fan wrâlderfgoed foar it planetarium soe dan falle kinne op de jiergearkomste fan Icomos - de organisaasje dy't oer it wrâlderfgoed giet - yn 2022.

Foarsitter Theo Koelma fan it planetarium

(Advertinsje)
(Advertinsje)