In ûnferjitlik aventoer: Talantkoor BuitenGewoon en Sterrenfabriek yn Palermo

12 des 2018 - 20:50

In aventoer om nea te ferjitten. Dat wie it optreden fan it Talintenkoar BuitenGewoon en de artysten fan de Ljouwerter talinteskoalle Sterrenfabriek yn Palermo. Se treden op foar it publyk yn teäter Santa Cecilia yn de Kulturele Haadstêd fan Italië.

foarstellingsjûn Palermo - Foto: Jeroen van de Bovenkamp

Nei in oprop op Facebook brocht de organisaasje fan LF2018 it talintekoar en de artysten fan Sterrenfabriek byinoar. De passy foar muzyk en talinte-ûntwikkeling is wat de twa groepen bynt, fûn de organisaasje.

Hurd oan de slach

De artysten sels koene it hast net leauwe dat just sy op it festival yn Palermo sjonge mochten. Sân wiken lyn krigen se it nijs te hearren en gong de groep hurd oan de slach mei repetearjen.

"In het theater hebben de Friese artiesten het publiek verrast", lit Hilde Koopmans, kommunikaasje-adviseur fan soarchgroep Alliade, witte. Mei in lytse wifeling waard it earste nûmer ynset.

Entûsjasme en wille

"Maar al snel spatten het enthousiasme en het plezier er van af", seit Koopmans. Dat it koar entûsjast wie, spruts it publyk oan. "Er ontstond een samenzang van kerstliederen en er werd meegeklapt. Na afloop complimenteerde het publiek de artiesten volop."

In dei nei it optreden troch de artysten fan Talant en de Sterrenfabriek fersoarge Valletta, de oare Kulturele Haadstêd fan Europa dit jier, in muzikale jûn. Doe mochten de Fryske artysten genietsje fanút de seal. As ôfsluting fan de jûn waarden alle artysten fan de Kulturele Haadstêden fan Europa en Italië op it poadium frege.

"Hier gebeurde in het klein waar Palermo om bekend staat: samensmelting van culturen, respect en waardering voor elkaar", seit Koopmans. Fierder binne de earste plannen foar in nije útwikseling makke. "Ook hier geldt dus dat 2018 slechts het begin is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)