Offaller foar Flyers: pas takom wike mear bekend oer feiligens iishockeyhal

12 des 2018 - 19:36

De earste tests nei de konstruksje fan de iishockeyhal op It Hearrenfean ha gjin folsleine dúdlikens oer de feilichheidssituaasje jûn. It konstruksjebedriuw dat de stabiliteit en de feiligens fan de hal ûndersiket, hat mear tiid nedich. Der moat in stabiliteitsproef útfierd wurde. De resultaten dêrfan wurde takom wike ferwachte.

De iishockeyhal yn Thialf - Foto: www.orange-pictures.nl

In wike lyn waard de iishockeyhal yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean sletten troch boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean. De muorren soene net stabyl genôch wêze.

Foar UNIS Flyers is de fertraging gjin goed nijs. De iishockeyklup fan It Hearrenfean kin de thúswedstriden no net yn it iishockeystadion spylje. De wedstriid fan kommende sneon tsjin it Belgyske Herentals is al ferpleatst nei jannewaris.

Mooglik útwike nei Elfstedenhal

Foar oare duels moat mooglik útwykt wurde yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. Foarsitter Henk Hoekstra fan UNIS Flyers hat earder al witte litten dat de situaasje mei de iishal net te lang duorje moat. Uteinlik soe sels it bestean fan de klup yn gefaar komme kinne, sei Hoekstra ferline wike.

(Advertinsje)
(Advertinsje)