FIDEO: Meisjongfeest by IepenUP Live

12 des 2018 - 19:30

IepenUP Live hat woansdeitejûn Het Grote Meezing Kerstfeest! All I want for Christmas... krystmuzyk, wa hâldt der net fan? Woansdei koest live meisjonge by IepenUP! Mei Piter Wilkens, krystkoar De Kerststerren û.l.f. Jildou Talman, The Strange Carrots, Chris Kalsbeek, Timo de Jong, bernedichter Miek Reen en noch folle mear!

En we keazen ek nochris de lilkste krysttrui...

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
LF2018 IepenUP meisjongfeest
(Advertinsje)
(Advertinsje)