Fries produsearret mear ôffal as de gemiddelde Nederlanner

Yn Fryslân smiet elke ynwenner yn 2017 yn trochsneed 611 kilo oan húshâldlik ôffal fuort. Dat is in stik mear as de trochsneed Nederlanner. Dy smiet yn dat jier likernôch 120 kilo minder fuort.
© Omrop Fryslân
De Nederlanner produsearret yn de ôfrûne tsien jier hieltyd minder ôffal. Yn 2008 wie dat noch 561 kilo de persoan, yntusken is dat sakke nei 493 kilo it jier. Dat is in delgong fan sa'n 12 persint.
De trochsneed Fries bliuwt dêr wat by efter. Hoefolle ôffal de Fries yn it jier fuortsmyt nimt wol ôf, mar in stik dreger as yn de rest fan it lân. Yn 2008 produsearren we yn Fryslân 658 kilo de persoan. Yn de ôfrûne tsien jier is dat 7 persint sakke nei 611 kilo. Yn 2017 wie it sels fjouwer kilo mear as yn it jier dêrfoar.
© Datawrapper
Ek ferlike mei de oare provinsjes produsearje Friezen in protte húshâldlik ôffal. We steane al jierren frij stevich yn de top-trije fan provinsjes dêr't de ynwenners it measte ôffal fuortsmite. Allinnich Seelân stiet noch boppe Fryslân - en ek mei in flinke foarsprong.
© Datawrapper