Kultuersektor hat grutte muoite mei 'weroriïntaasje' provinsje

12 des 2018 - 19:00

In soad kulturele organisaasjes yn Fryslân hawwe grutte muoite mei de 'kulturele weroriïntaasje' dy't de provinsje Fryslân trochfiere wol. Dat die woansdei bliken op de Steatemerk yn it provinsjehûs.

Byld fan de steatemerk oer de kulturele 'weroriïntaasje' - Foto: Omrop Fryslân

Yn de nije nota wurdt oan de sektoaren 'toaniel' en 'popmuzyk' prioriteit jûn, wylst oare sektoaren as klassike muzyk, byldzjende keunst en literatuer folle minder omtinken krije. No ynstimme mei de nije nota 'Keunst oan 'e kime' soe betsjutte kinne dat der foar dy sektoaren minder jild beskikber komt, binne kulturele organisaasjes fan betinken.

Soargen

It Noord-Nederlands Orkest is ien fan de organisaasjes dy't him soargen meitsje oer de gefolgen fan de weroriïntaasje. "Fryslân jout no ek al folle minder stipe oan it NNO as Grinslân en Drinte, wylst wy hjir wol faak spylje", seit Piter Zwart fan it NNO. "Ik freegje my ôf wat de weroriïntaasje foar ús of foar klassike muzyk betsjut."

De provinsjale polityk sil woansdeitejûn wiidweidich te set oer de kulturele weroriïntaasje. De publike tribune sit by dy gelegenheid fol. Op de tribune is ek al ien giel heske sinjalearre. Ynsprekker Huub Mous, in ûnôfhinklik kultuerpublisist, sil de steaten yn dizze klaaiïnge tasprekke.

(advertinsje)