Soarchoanbieders lûke hannen ôf fan WMO-plannen gemeente Ljouwert

De grutte oanbieders fan WMO-soarch yn Ljouwert sjogge neat yn de nije plannen fan de gemeente Ljouwert. Se lûke harren hannen ôf fan it plan dat de gemeente koartlyn presintearre hat.
Thússoarch © Omrop Fryslân
De bestjoerders fan ûnder mear Thuiszorg Het Friese Land, GGZ Friesland en Amaryllis binne teloarsteld oer de útkomsten fan it ûndersyk dat de gemeente Ljouwert dien hat. Net ien fan de partijen werkent him yn it útstel dat der leit. Ek is it byld dat de belutsen partijen hawwe fan in grutte soarchalliânsje, it doel fan de gemeente Ljouwert, folslein oars as no op papier stiet.

Tsjin de plannen

Earder sprutsen ek de frijwilligersorganisaasjes yn Ljouwert en de advysried sosjaal domein harren út tsjin it plan fan it kolleezje, De belutsen partijen sjogge fiif risiko's. De belangrykste is dat se benaud binne dat se it netwurk fan lytse oanbieders kwytreitsje.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma leit út wêr't it krekt om giet
Guon partijen yn de ried wolle dat it stik no fuort fan tafel giet. Marcel Visser fan de VVD fynt dat it stik fan tafel moat of dat der in moasje fan wantrouwen tsjin wethâlder Herwil van Gelder komme moat. Van Gelder moat it woansdeitejûn yn de gemeenteried ferdigenje.