Wurkstraf foar swierbesopen Drachtster automobilist

12 des 2018 - 18:44

In 46-jierrige man út Drachten is woansdeitemiddei troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren. Ek moat er in boete fan 450 euro betelje. De Drachtster ried yn augustus dit jier mei fierstente folle drank op troch Ljouwert en moast troch in passearjende pizzakoerier ta stilstân brocht wurde.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Drachtster drankrider hie op 'e middei fan 3 augustus 2018 op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert parkearre auto's ramd. Ek bedarre er in stikje fierder mei syn auto op 'e stoepe. De pizzakoerier seach it gefaarlike rydgedrach fan de man, rûn op 'e auto ôf en luts de kaaien út it kontakt. Dêrnei belle er de plysje.

Fierstente folle dronken

Nei in blaastest die bliken dat de bestjoerder fierstente folle dronken hie. De útslach fan de alkoholtest kaam sels út boppe de rjochtlinen fan it Iepenbier Ministearje. De 46-jierrige man hie in drankprobleem. Foardat er yn 'e auto stappe, hie er in kwart liter jenever dronken. Yn Ljouwert hie er nochris tsien drankjes opsûpt.

Yntusken hat de man yn in ûntwenningsklinyk sitten en is er al in skoftke fan de drank ôf. Dochs mei er de kommende achttjin moannen net mear ride. "U staat pas aan het begin van een traject. Ik denk dat u nu nog niet rijbewijs-waardig bent", sa sei de plysjerjochter woansdei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)