Op Skylge bedarre seehûnejong Jolly wurdt opfongen yn Pieterburen

12 des 2018 - 18:10

It Seehûnesintrum yn it Grinslanner Pieterburen hat it earste seehûnejong fan dit seizoen opfongen. It giet om in wite pup, dy't nei de hurde wyn fan de ôfrûne dagen op Skylge bedarre is. Fan it jong, in wyfke, die bliken dat de mem net mear opdaagjen kaam.

Foto: Zeehondencentrum Pieterburen

De seehûn wie noch mar in pear dagen âld, de nâlestring siet der noch oan. It hat de namme Jolly krigen, en is fan woansdei ôf te folgjen fia de sosjale media fan it opfangsintrum.

Oare jongen op Skylge wurde ek yn de gaten holden. By guon dêrfan is al sjoen dat de mem se al wer fûn hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)