David Lelieveld siket ferhalen fan Dútske soldaten út de Twadde Wrâldoarloch

12 des 2018 - 17:34

David Lelieveld fan Pier 21 is op syk nei Dútske soldaten dy't yn de Twadde Wrâldoarloch stasjonearre wiene yn Fryslân. Foar foarstellingen hat hy de ferhalen fan bygelyks de Kanadezen en Friezen sels al heard, mar hoe libben de Dútsers dy't hjir hinne stjoerd binne?

Fideo Lelieveld

Yn 2020 is it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd is. Foar teäterprodusint David Lelieveld is dat oanlieding foar in grut projekt yn Fryslân, wêryn't er safolle mooglik kanten beljochtsje wol.

Hy hat al mei Kanadeeske feteranen praat en Joaden yn Israel opsocht dy't yn Fryslân ûnderdûkt wienen. Ek it ferhaal fan de Dútske besetter heart derby. Op Facebook hat er in oprop dien.

Link lizze nei no

"Ik wol graach mei de minsken yn kontakt komme, hearre hoe't se de lêste dagen belibbe hawwe. Mar ik wol yn it projekt net inkeld sjen nei hoe't de Twadde Wrâldoarloch west hat, mar ek in link lizze nei de flechtlingen fan no. Hoe steane we der no yn? Wat kinne we better dwaan, we wolle net wer oarloch ha."

Yn it projekt wol er ek in edukaasjetrajekt útsette foar jongeren. "Der is no in nije generaasje, wy binne de nije maatskippij. We kinne leare fan de ferhalen."

Skamte

Hy hopet dat der noch minsken libje en dat dy ek har ferhaal fertelle wolle. "Guon soldaten wolle net weromkomme om't se har skamje om wat der bard is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)