Randolph Algera restaurearret sechstjin roubuorden yn Hegebeintum

12 des 2018 - 17:28

Yn Hegebeintum wurdt dizze dagen wurke oan de restauraasje fan sechstjin roubuorden. Dat binne houten buorden mei de namme, titel en wapen fan in promininte deade. Restaurator Randolph Algera fan It Hearrenfean fiert it presyzjewurkje út.

NOCH Restauraasje roubuorden Hegebeintum

De sechstjin roubuorden hingje yn de tsjerke. Se binne fan bewenners fan Harsta State, it lânhûs dat dêr flakby leit. De measte roubuorden yn tsjerken binne fernield by de Frânske Revolúsje. Hoe't it kin dat der yn Hegebeintum noch sechstjin bewarre bleaun binne, is in mystearje.

Nei alle gedachten hawwe de eigeners fan de roubuorden se doetiids opslein yn Harsta State. Dêr wennen de famyljes dy't op de buorden stean, sa as Van Nijsten, Van Aitzema en De Schepper.

Restaurator Algera fynt it in bysûndere put. It goud krijt syn glâns wer werom en brune doeken wurde wer swart makke, ornaminten en letters komme wer ta libben. De dreechste buorden binne al himmele en ferve, de rest wurdt de kommende tiid dien. Ein jannewaris moat it wurk dien wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)