Stedsskouboarch De Harmonie hat in nije direkteur: Marijke van der Woude

12 des 2018 - 17:00

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert krijt foar it earst yn de skiednis in froulike direkteur. Se hjit Marijke van der Woude en wennet yn it Grinslanner Zuidhorn. De 57-jierrige Van der Woude is op dit stuit noch direkteur fan it Centrum Beeldende Kunst yn de stêd Grins, mar sjocht bot út nei de nije útdaging yn Ljouwert.

Marijke van der Woude út Súdhorn is de earste froulike direkteur fan De Harmonie

"Dit fielt as thúskommen"

Se fynt it ek hiel moai dat se beneamd is as de earste froulike direkteur yn de skiednis fan de skouboarch. Van der Woude is opgroeid yn in muzikale húshâlding yn Dokkum en fynt it hartstikke moai om nei in soad jierren yn Grinslân wer werom te kommen yn it heitelân. "Dat fielt echt as thúskommen foar my."

As direkteur fan De Harmonie wol Van der Woude de gearwurking sykje mei oare kulturele organisaasjes yn Fryslân en ek ûndersykje oft de skouboarch, lykas yn it ferline, wer sels festivals en foarstellingen ûntwikkelje kin. De lêste jierren barde dat in stik minder by De Harmonie fanwege de besunigingen.

Harmonie-direkteur Marijke van der Woude thús yn Súdhorn - Foto: Omrop Fryslân

De nije direkteur fan De Harmonie stelt harsels foar

Gastfrij

Van der Woude is fierder tige posityf oer De Harmonie, ek al omdat de skouboarch de priis krige foar 'de meast gastfrije skouboarch fan Nederlân' foar artysten. "As skouboarch moatte je it ha fan de artysten. Dy moatte har thúsfiele, dat is tige wichtich." Se wol dêrom op it mêd fan de gastfrijheid it belied fan de hjoeddeistich direkteur Arthur Oostvogel foaral trochlûke.

De beneaming fan Van der Woude komt, ek neffens harsels, op in spannend momint, sa oan de ein fan it kulturele haadstêdjier. Neffens Van der Woude is der no yn Fryslân mear mooglik op it mêd fan keunst en kultuer.

Teater de Harmonie yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Wat ha we in moaie jûn hân

It mei ynhâld jaan oan de erfenis fan de Kulturele Haadstêd sjocht se as in belangrike opdracht. Itselde jildt foar it organisearjen fan eveneminten dy't in breed publyk yn kontakt bringe mei keunst en kultuer. "As se hjir de doar út gean, moatte minsken it gefoel ha 'wat hawwe we in moaie jûn hân'."

Gearwurking

Dat Van der Woude graach gearwurkje wol mei oare kulturele organisaasjes kin goed fan pas komme, want de gemeente Ljouwert wol graach dat de skouboarch yn 'e takomst mear gearwurket mei poppoadium Neushoorn. Oer hoe't dy gearwurking derút komt te sjen, koe Van der Woude noch neat sizze. Dêrfoar is har beneaming noch fierstente farsk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)