Machtsstriid GrienLinks yn Weststellingwerf: twa fraksjefoarsitters

12 des 2018 - 16:21

Der is in machtsstriid dwaande by GrienLinks yn Weststellingwerf. Fraksjefoarsitter Marlene Postma is troch it partijbestjoer út har funksje set. Postma wegeret lykwols op te stappen, wylst Gaby Thijssen op de webside fan GrienLinks as nije fraksjefoarsitter presintearre is. It bestjoer fan GrienLinks Weststellingwerf hat in brief nei de leden stjoerd dêr't se yn sizze dat de rol fan Postma net brocht hat wat derfan ferwachte waard. De gearwurking mei riedslid Thijssen rûn neffens it bestjoer net goed. Mear wol it bestjoer net kwyt.

Foto: ANP

Postma krige tongersdei fan partijfoarsitter Ray Bonnier te hearren dat it bestjoer besletten hie dat Thijssen fraksjefoarsitter wurde moast. Doe't Postma wegere har funksje op te jaan, sloech de foarsitter neffens Postma 'met veel agressie driemaal met de vuist op tafel'.

"Geen saamhorigheid gecreëerd"

Foarsitter Bonnier wol allinnich kwyt dat it hiel ferfelend is. "Dit is besloten door het bestuur en daar komen we ook niet op terug." Sekretaris Gertrud van Leeuwen, dy't yn de foarige riedsperioade fraksjefoarsitter wie, is no wurdfierder fan it bestjoer. "Marlene is een prima raadslid", seit se, "maar het zijn van fractievoorzitter vereist een bepaalde werkwijze en kwaliteit. We zijn na een evaluatie met ook de steunfractie tot dit besluit gekomen. Het is een interne aangelegenheid."

"Het is haar in het afgelopen half jaar niet gelukt om die saamhorigheid te creëren in fractie en steunfractie die nodig is om als team van GroenLinks goed te functioneren", skriuwt it bestjoer yn de brief nei de leden.

Postma wol funksje net dellizze

Postma is net fan plan har funksje fan fraksjefoarsitter of riedslid del te lizzen. Se stiet juridysk sterk, tinkt se. "Ik ben unaniem door de leden als lijsttrekker gekozen en ik ben verantwoording schuldig aan de 739 mensen die op mijn hebben gestemd. Ik zit er voor de mensen die me vertrouwen. Het is niet voor niets dat Gaby maar 60 stemmen heeft gekregen."

Sekretaris Van Leeuwen seit dat it bestjoer dizze kar makke hat op advys fan de provinsjale en lanlike partijtop.

Thijssen wol der fierder net te folle oer kwyt. "Het is een besluit van het bestuur, ik ben niet uit geweest op het fractievoorzitterschap. Mijn rol beviel me prima." Dat stiet heaksk op it ferhaal fan Postma. "Hij zei in mei al dat-ie niks met mij op had", seit se. "Hij had wethouder willen worden. Toen hij dat niet werd, wilde hij fractievoorzitter zijn. Hier was ik voor gewaarschuwd. Hij heeft zichzelf uitgeroepen tot fractievoorzitter."

Moasje: gjin Heineken yn gemeentehûs

Earder dit jier helle Thijssen de publisiteit mei in moasje om gjin Heinekenbier mear te taapjen yn it gemeentehûs. Thijssen sei dat Heineken yn Afrika gebrûk makket fan 'promoasjefamkes', dy't dêrby te krijen ha mei net-winske yntimiteiten. Dat smiet GrienLinks in soad omtinken op, mar oer de moasje waard úteinlik net stimd. Postma: "Mijn stijl is anders, zonder geschreeuw. Zo bereik ik het doel."

(advertinsje)
(advertinsje)