Suvelbedriuw FrieslandCampina nimt Spaanske tsiisferpakker oer

12 des 2018 - 16:10

FrieslandCampina wreidet de belangen yn Spanje en Portugal fierder út. It suvelbedriuw hat de Spaanske tsiisferpakker en distributeur Millán Vicente oernommen. Dat is ien fan de grutste distribúsjebedriuwen foar tsiis yn Spanje, fêstige yn de stêd Zaragoza.

Friesland Campina - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Mei de oername wol FrieslandCampina in sterker plak feroverje op 'e konsumintemerk fan it Ibearysk Skiereilân. Foar hoefolle jild it bedriuw krekt oernommen is, hat FrieslandCampina net bekendmakke.

Trefwurden: 
FrieslandCampina suvel Spanje
(advertinsje)
(advertinsje)