Hieltyd minder bedriuwen geane fallyt yn Fryslân

Yn novimber binne yn Fryslân mar trije bedriuwen fallyt gien. Yn deselde moanne ferline jier wienen dat noch acht.
Rjochter © Shutterstock.com
It tal bedriuwsfalliseminten nimt al jierren ôf yn Fryslân. Yn 2017 gienen noch mar 91 bedriuwen fallyt, en dit jier binne 72, krekt yn Fryslân, fêstige bedriuwen fallyt gien.
It Centraal Bureau voor de Statistiek hat sifers fan 2009 ôf. Yn dat jier gienen 227 bedriuwen op de flesse; hast twa-en-in-heal kear as ferline jier.

Persoanlik fallyt

Ek minsken kinne fallyt gean. Yn novimber fan dit jier wie dat yn Fryslân mar ien persoan. In fallisemint fan in priveepersoan kin yngripende gefolgen ha. Wannear't ien syn rekkens net mear betelje kin, kin er fallyt ferklearre wurde troch de rjochter. Meastentiids wurdt it besit dan ferkocht yn opdracht fan in kurator om alle skulden betelje te kinnen.