Al tûzen oanfragen by Duorsum Bouloket yn Súdwest-Fryslân
De gemeente Súdwest-Fryslân hat yn in pear wiken tiid tûzen oanfragen binnen krigen by it nije Duorsum Bouloket. En dêrmei is de doelstelling al foar de ein fan it jier berikt.
Fia it Duorsum Bouloket fan de gemeente koene ynwenners offertes oanfreegje by lokale bedriuwen foar it isolearjen fan de wenning. De gemeente hat dêroer priisôfspraken makke mei dy ûndernimmers sadat der relatyf goedkeap isolearre wurde kin.
It tal oanfragen wie al gau sa heech dat der by de bedriuwen in wachtlist ûntstie en der sels minsken oannaam wurde moasten om de drokte oan te kinnen.
De gemeente sil nije wike besjen oft der noch in twadde ronde komt.